Tuindorpharkema.nl
Home » Verslag Aktiviteiten » Fietstocht 1 Juni

Freed 1 juny op de fyts mei de "Tochsetters" nei de Westereen. Oan de Stasjonsstrjitte wie d'r in fleurig giel-oranje foartún en die stie al op ús te wachtsjen.

De eigner liet us ek noch ferrasse mei syn fraaie achtertún yn strakke diagonaal linen en flakken.

By syn hûs in protte blautinten en achter yn'e tún de ljochtere kleuren.Wy wiene ûnder de yndruk fan it ferskaat oan bysûndere strûken en beammen. De eigner koe ek hiel goed fan alles oer de planten en sa fertelle.

Wy ha hiel wat opstutsen en mei in protte ynspiraasje fytsten wy wer nei de Harkema.

It reinwetter hat us mar in hiel lyts bietsje pleage.